Dit hat west yn 2014-2015

Mei de krite nei it skûtsjesilen op de Lemster baai. 30 juli 2014

kaart            ScreenShot015               ScreenShot013

Dit jier hie it bestjoer fan ús krite besletten om de Feanprinses út Earnewâlde yn te ruiljen
foar de Wetterwille út De Jouwer en dêrmei nei it skûtsjesilen by De Lemmer te gean.
48 leden stapten oan board en it die al gau bliken dat dizze kar in boppeslach wie.
It waar wie as side, de stimming opperbêst, ûnderweis sa no en dan harmoanikamuzyk,
kofje mei gebak, de wyn krekt sa’t it wêze moast en de rûte prachtich: Fryslân op syn bêst.
Goed tsien oere stutsen wy fan wâl by de âlde D.E. fabryk en fia de Sylroede, Aldewei,
Langwarder Wielen, Janesleat, De Koefurd, Margrytkanaal, Grutte Brekken en de Lemster Sylroede
farden wy om kertier foar ienen it sintrum fan De Lemmer yn, dêr’t wy
de minsken op ‘e wâl op
ús moaie Fryske lieten traktearren û.l.f. Lammert op syn harmoanika.
Ek yn de slûs blieken wy in izersterk koar te wêzen.
Doe op nei dêr’t it einliks om gong: it skûtsjesilen.

Mei ús Hearrenfeanster skûtsje wol it dit jier mar net slagje.
Grou wûn de striid en Hearrenfean moast
mei it op ien nei lêste plak tefreden wêze.
It koe ús stimming net bedjerre en like fleurich begûnen wy oan de weromreis,
dizze kear fia de grutte slûs yn it PM kanaal.
Om kertier oer sânen leinen wy, nei in prachtige dei, wer foar de wâl op ‘e Jouwer.

Fryske Krite Hearrenfean nei Omrop Fryslân.

Op 23 septimber 2014 giene we mei sa’n 40 leden nei it bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert foar in rûnlieding by Omrop Fryslân. We waarden ûntfongen mei kofje en koeke yn in boppeseal.
I
en fan de staf hjitte ús wolkom en fertelde ús earst eat oer de skiednis fan de Omrop.

It begûn allegearre yn 1946 mei radioútstjoerings foar de Regionale Omroep Noord (RON).
Yn de 50er jierren waard RON omdoopt ta RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en yn 1978 gie Radio Fryslân selsstannich fierder as Omrop Fryslân.

Yn 1994 begûn de Omrop mei televyzje. Yn’t earstoan mei útstjoerings fan in oere mar in pear jier letter waard dat al oardeloere.
Omrop Fryslân is ek in kalamiteiten stjoerder (tink oan de winter fan 1979).
Ek fersoarget de Omrop skoalletelevyzje en mei hja 52 oeren per jier oan Fryslân DOK op de publike netten útstjoere.

Omrop Fryslân wie de earste regionale Omrop dy’t in dramasearje (Baas Boppe Baas) op de TV brocht.

Yn 1999 kamen alle ôfdielingen fan de Omrop ûnder ien dak te wurkjen oan de Suderkrúswei op it bedriuweterrein De Hemrik .

Hjoed-de-dei docht De Omrop folop mei oan alle fernijingen op it mêd fan sosiale media.

Nei dizze algemiene ynlieding waarden we opdield yn twa groepen en krigen we in tige ynteressante rûnlieding troch it gebou fan de Omrop.

We seagen de bekende persoanen dy’t we eltse dei op it skerm sjogge, hoe’t de ferslachjouwers harren programma klearmakken foar de útstjoering.
Nea witten dat dêr noch safolle by kaam te sjen. Hiel wat opnames dy’t it skerm net helje.
As in reportaasje ál te wiidweidich is moat de fersjachjouwer der yn snije om it binnen de tiid te krijen dy’t derfoar beskikber is. In hiele poepetoer.

Men tinkt dat in studio dêr’t bygelyks Bynt of it Nijs opnommen wurdt, wol grut is mar it is eins mar in hoekje fan in romte dêr’t soks bart, mei wat eftergrûn attributen.

Fierder yn de rûnlieding seagen we ek de “schmink” keamer (hoe neam je soks), dêr’t gasten en presintators klear makke wurde om prûs en kreas foar de kamera te kommen.

Al mei al in tige nijsgjirrige ekskurzje om efkes efter de skermen te sjen fan de Omrop.

Nei ôfrin krige elts noch in skoudertas oanrikke om mei nei hûs te nimmen.

Us foarsitter Geeske sei noch in pear moaie wurden as tank en elts gong wer fol mei nije ympresjes op hûs oan.


Fryske Krite it Hearrenfean sette op 17 oktober 2014 útein mei har winterprogramma.

Foarsitter Geeske Beenen koe yn de Koningshof in folle seal tasprekke mei it goede nijs
dat hja 12 nije leden ferwolkomje koe.
It minder goede nijs wie dat Teake vd Meer net komme koe, mar
it bestjoer hie foar in kostlik alternatyf soarge.
De foardrachtskeunstner Rinny Pypker út Langwar hat it publyk tige fermakke
mei û.o har “ballade fan Longerhou” en “de Frouwe fan Starum”
en har skitterende ferhalen “uit de oude doos”.
Dêrneist koe Lammert Mink mei syn muzyk (harmoanika, trompet, blokfluit en syn moaie sjongstim)
de seal tige fermeitsje.
Lammert wie yn selskip fan “syn” twa froulju, Tiny Stoker fan ‘e Jouwer
en Myriam Lindemann út It Hearrenfean, dy’t him op akkordeon begelaten.
De seal koe sa no en dan meisjonge mei de Fryske sankjes.
De miks fan foardrachten en muzyk makke dizze jûn tige slagge.
denijeknipers_bandleden_thumb[1]
Nei ôfrin wie der noch dûnsjen mei “De Nije Knipers”.

Fryske krite genietet fan dramadosint (19 novimber 2014)

Al wer in moaie folle seal by de Fryske krite fan It Hearrenfean, by de kulturele jûn dy’t dizze kear
yn it teken stie fan drama en nei foaren brocht waard troch dramadosint Fokke Plantinga.
Der siet in moaie opbou yn it programma troch earst wat te fertellen hoe’t jo der ta komme om
dramadosint te wurden en dan oer te gean ta it spyljen fan allerhanne typkes om sjen te litten
wat hâlding, wize fan rinnen,stimgebrûk, mimyk, oerdriuwing en klaaiïng allegear suggerearje kin.
De dramaturg nimt jo mei yn syn fantasy, is dan wer in dom figuer, in wichtich of stoer persoan
of krekt wer in hiel ferlegen type.
564    566  592
Benammen de fertolking fan Harke Typstra oer syn folièreferiening wie sa treflik, dat jo hast
ferjitte soenen dat it net echt wie en allinnich mar spile waard.
Ek it lêste ûnderdiel, dêr’t Plantinga it iepeningswurd fan foarsitter Geeske Beenen nei die,
waard mei in protte humor brocht. De krite kin op in tige slagge jûn
werom sjen.

Nijjiersresepsje op freed 9 jannewaris yn de Koningshof.

Foarsitter Geeske Beenen koe sa’n 120 leden wolkom hjitte op dizze jûn.
Hja die dat op har eigen wize mei in gedicht, dat hjirby ôfprinte is.

Resept foar 2015:

Nim in grutte skaal mei leafde.
Doch dêrby in stevige homp frede,
In snúfke respekt, in pear druppels moed,
In flinke skeut posityf tinken,
In leppel ferdraachsumheid en in “sopleppel”geduld
Nim dêrby in grut stik fleurichheid. Ja,mei in glimke
En drink dêrby in glês selskennis en as it smakket
Werhelje it dan it hiele jier.
Dat sil ús goed dwaan yn 2015.

Nei in wolkomsdrankje fan De Koningshof en fansels nei it mei-inoar sjongen
f
an it Fryske Folksliet, lieten wy ús it Nijjiersmiel bêst smeitsje.

Oan it nijjiersmiel

De toanielploech fan ús Krite spile dêrnei yn in nij dekôr, makke troch warbere
leden fan ús Krite ‘’In hûs mei húshâldster”, in blijspul yn ien bedriuw fan D.Mulder,
oerset en bewurke troch Jeltsje Postma.

It foel tige yn ‘e smaak en sa kinne wy werom sjen op in moaie Kritejûn.

Fryske krite mei grôtfolle seal

Freed 13 febrewaris wie Teake van der Meer oan bar om de krite Hearrenfean
te fermeitsjen mei in optreden.
Dat de seal moai fol siet, sil gjin tafal wêze, Teake is noch altiten in publykslûker.
Miskien ek ien fan de lêste mooglikheden om Teake noch in kear te hearren, want
it skynt dat hy der hast mei ophâlde wol.
Dat is neffens Teake ek sa, mar de datum dêrfan is noch net bekend.
Teake

Hoe dan ek, it wie in prachtige jûn mei in protte mylde humor dat nimmen op it sear komt.
De foarsitter fan de krite begûn as frou fan Teake en siet ek aardich yn har rol, mar dêrnei kaam dochs echt Teake sels mei allegear koarte konferenses dy’t tige yn ‘e smaak foelen.

Nei it skoft wiene de ferneamde typkes oan bar. Sawol foar as nei it skoft is der omraak lake en dat wie dan ek krekt de bedoeling.
Teake 2

Dêrnei koene de minsken noch efkes fan de flier op klanken fan De Nije Knipers.
De folgjende gearkomste sil in kofjemoarn wêze mei in lêzing oer de Fryske keunstskilder Sierd Geertsma op 18 maart, mar ûnderwilens is it kritebestjoer al werd drok dwaande mei it program foar it nije seizoen.

Kofjemoarn Fryske krite

Woansdeitemoarn 18-03-2015 hold de Fryske krite Hearrenfean wer har jierlikse kofjemoarn.
Dit kear stie dy yn it teken fan de keunstskilder Sierd Geertsma (1896-1985) út Appelskea.
Kritelid Tseard Geertsma brocht mei help fan in powerpointpresintaasje libben en wurk fan syn omke op foartreflike wize nei foaren.

Foar it skoft krigen de kriteleden in aardich byld fan it libben en nei it skoft fan it wurk fan de skilder.
Dêrby liet er sjen dat Sierd Geertsma, dêr’t twa jier lyn noch in útstalling oan wijd is yn museum Drachten en dêr’t Geertsma de Fryske Van Gogh neamd waard, in alsidich keunstner wie dy’t ferskate techniken en stilen wol treast wie.

Namgenoat en omkesizzer Sierd Geertsma fertelde noch wat anekdoates oer syn omke.
Dat de kriteleden wol “kultuerminded” binne docht hielyyd wer bliken, want der wie wer in moai folle seal yn de Koningshof.
kofjemoarn                                            kofjemoarn 2
De tafels mei antikwaryske (fryske) boeken waard ek drok besocht en sa wie dizze tige slagge moarn hast te koart.

 



Comments are closed.