Dit hat west yn 2015-2016

Kabaretjûn op freed 9 oktober 2015 

De fice-foarsitter koe sa’n 130 leden wolkom hjitte op dizze jûn.

Cabaretavond-3_1280x960 (2)

Hja waarden untfongen mei kofje en bekende klanken fan Fryske lieten
troch de de Nije Knipers

Klún en Knoffelhakke fersoargen it kabaret mei de namme: Hé buorman.
It duo besiket der in sjo fan te meitsjen fol mei núvere typkes en frjemde
foarfallen en sa witte se de fleur der yn te hâlden.

Cabaretavond-4_1280x960  Cabaretavond-2_1280x960

Nei ôfrin wie der dûnsjen mei de Nije Knipers en dat wie fansels wer
tige yn ‘oarder.

 

Kulturele middei mei Jetske Bilker op woansdei 18 novimber 2015

Vice foarsitter Klaas Krist koe  sa’n 90 leden wolkom hjitte op dizze middei.
Culturele middag-3                              Culturele middag-4   

Jetske Bilker skreau altyd al brieven yn har deiboek, mar publisearre
har earste roman 
(imitaasjelear) op har 28e jier.

Yn 2004 ferskynde it Fryske boekewike geskink ‘’Oar plak oare tiid’’.
Har lêste roman
‘’It libben fan in oar’’ is fan trije jier lyn.

Fierder skriuwt se berneboeken yn opdracht fan de Afûk.
Jetske is sûnt 9 jier fulltime skriuwster, resinsinte en redacteur.

Jetske fertelde wiidweidich hoe’t hja der ta kommen is it boek
‘’It libben fan in oar’’ 
te skriuwen en hoe’t hja te wurk gien is.

Culturele middag-2

Harm Wesseling út De Tike wie der ek wer mei in boeketafel,
faaks in idee om in âld 
of nijsgjirrich boek te keapjen.

Nijjiersresepsje Freed 8 jannewaris 2016

!cid_C4DFDD8BD2DB4955B7FDBD56F8D6A552@Medion    !cid_89588B04177D43C2AD222A47090BA15C@Medion !cid_41AEC2098F1841819CE97B902364F4C2@Medion !cid_AABCDE56925046A6882C78C81A185F44@Medion

Toanieljûn freed 12 febrewaris 2016

Op freed 12 febrewaris .l.l. fersoarge de toanielploech Pro Rege út Holwert it stik:
“Dizze man…. is jo frou”, foar ús Krite yn de Koningshof.

!cid_2F82653DD81F48D2A251042BF93C3AD7@Medion

Mei sa’n 100 leden wie de seal goed beset. It publyk fermakke har tige mei de
soms hilaryske mominten.
Ek it lûd wie hiel goed fersoarge.

Yn it skoft wie der wer in ferlotting mei moaie prizen en nei ôfrin fan de foarstelling
koe der dûnse wurde op de musyk fan de “Nije Knipers”.

Nije Knipers

Kofjemoarn mei Jelke Tigchelaar op 16 maart 2016.
Op woansdei 16 maart hold Jelke Tigchelaar in lêzing oer Nepal
en oer syn projekt : “Geef kinderen een kans”.

  kofjemoarn 1                       kofjemoarn 3
Dat waard in tige nijsgjirrich ferhaal, ferteld mei in protte entûsjasme.

It deistich libben yn Nepal is sober mar men is tefreden.
Oan de hân fan prachtige filmbylden  liet Tigchelaar  foar it skoft sjen
hoe’t men û.o. omgiet mei it fee .

kofjemoarn 2              kofjemoarn 4
Nei it skoft krigen we bylden oer it kleurige dagelikse  libben.

Al mei al in tige slagge kofjemoarn, dy’t mear belangstelling fertsjinne hie….

 

 



Comments are closed.