Dit hat west yn 2016-2017

Tige slagge earste jûn nije seizoen Fryske Krite
Rom njoggentich persoanen mocht foarsitter Klaas Krist  freed 14 oktober
wolkom hjitte yn seal de Koningshof. De foarstelling “Op Portret”
fol wille en plezier, waard mei sukses opfiert.

Fokke Plantinga en Jelmar Hoekstra lieten nuveraardichste persoanen
de revu passearje. 

  image1 image2

It deistich libben efkes yn in momint op it toaniel.
Sa koe elk dy`t it seach foaral in oar, en ek in bytsje
fan har sels der yn werkenne.
In jûn, slagge foar de leden, mei muzyk fan de Nije Knipers, 
dy`t
beminde en minder beminde lieten nei foaren brochten.

In start fan it nije seizoen wer`t noch wol oer neipraat wurde sil.
Nei de foarstelling, noch dûnsjen nei, en sa gie elk op hûs oan,
mei dat gefoel fan: In tige slagge jûn.

Kulturele middei mei Jan Tabak
In njoggentich minsken mocht de Krite  woansdei de 23e novimber
yn seal de Koningshof wolkom hjitte by de kulturele middei mei
de hear Jan Tabak fan Easterzee.

Efkes nei twa oere iepene foar sitter Krist de middei. In spesjaal wolkom wie
der foar de gasten de Krite Easterwalde, op besyk. 

                                   2
Ek frege hy oandacht foar it werom rinnend oantal leden fan de Krite.
In oprop om te besykjen wat mear nije leden by de Krite te bringen,waard
nei foaren brocht.
Want hjoed is de takomst dy`t komt en dan is ek de Krite Hearrenfean nedich.

Dan “It Kofferke fan Jan Tabak” In kofferke fol ferhalen oer minsken, oer

         3                1
al dy dingen dy`t minsken sa oaninoar bine, se kamen nei foaren.
Foar de pauze, in pear serieuze gedichten, nei it skoft inkelde ferhalen,
dy`t de hear Tabak byldzjend fertelde mei humor, en foaral situaasjes
dy`t dat gefoel fan, oh ja..sa wie it doe, oproppen.

It applaus omtrint fjouwer oere wie fertsjinne.
In tige slagge earste middei fan dit nije seizoen

Nijjiersmiel 6 jannewaris 2017
Rom njoggentich minsken mocht it bestjoer fan de Krite wolkom hjitte
op it jierlikse nijjiersmiel, freed 6 jannewaris 2017 yn de Koningshof.
In goede opkomst.
    
Foarsitter Krist iepene de jûn mei passende wurden en nei it Fryske folksliet
koe elk hy him te goed dwaan oan it waarme en kâlde buffet.
Wy kinne wol sizze, it smakke tige goed.

   

Nij wie dit jier dat wy nei it iten in optreden fan sjongeres
Griet Wiersma belibje mochten.

Ek dat slagge tige nei it sin. Fan har grutte hit, it Fryske Hynder,
nei it ek sear bemind Feintsje fan Menaam en fierder alles wat
jo der mar tusken betinke kinne.
It wie muzikaal, moai en goed fersoarge.
In jûn om oer nei te praten en om net gau te ferjitten.
Wy kinne as Fryske Krite it Hearrenfean wol stelle, dat it jier 2017
goed út ein set is foar ús Krite. 

 

 

Kofjemoarn mei Grytsje Kingma en Lars Mulder

In tige slagge moarn wy it woansdei de 15e yn de Koningshof.

Rom santich Krite leden wienen dizze kofjemoarn kaam om it optreden fan
Grytsje Kingma en Lars Mulder fan tichtby mei te belibjen.
Moaie musyk, fryske teksten, inkele piano stikken, alles kaam foarby.
Ek it meisjongen hawwe wy dien, de Fryske ferskes dy `t wy allegearre sa goed
kinne ùt it Fryske sjongbook.

     
De sfear wie tige goed en it bestjoer fan de Krite hat yn dizze sin fan it wurd,
in tige goede kar makke.
Want sis no selks, wa kin net: Wer fine jo noch, Moai sûnder weargea,
sa bekind en sa wardearre.

Wy skriuwe woansdei de 15 febrewaris 2017 as in memorabele moarn yn de aginda.

Tsjin tolve oere slúte de foarsitter Klaas Krist de moarn mei in tankwurd en beide
minsken dy `t it optreden fersoargen krige in súkerbôle mei.
Ek sa eigen oan de Fryske Krite fan It Hearrenfean.

Tige slagge tonieljûn Fryske Krite
Freed de 17e maart brocht tonielferiening Rjucht en Sljucht fan Gersleat
it stik “Loadewyk Fjirtjen en in Heal” foar ús krite.

Foarsitter Klaas Krist mocht efkes nei acht oere  in hûndertfjirtich
besykers tige wolkom hjitte.

In grutte opkomst dy `t wurdearre waard.
It stik; dat kinne wy wol sizze wie in sukses.

  
De tiid fan Loadewyk de 14e op it toniel yn de Koningshof, humor, misbgryp,
wille, alles wat jo mar betinke kinne, en wat noch witte fan de
skiednis oer dy tiid, it kaam der yn foar.

De musyk as sa faak earder, fan de Nije Knipers út Frentsjer soarge
foar de nediche ûntspanning.

De ferlotting, it dûnsjen nei, it heart sa by de jierlijkse tonieljûn fan de krite.
In jûn dy `t wy meinimme yn it weromsjen op dit seizoen.

Sa as dat iene wurd safolle seit: Slagge, sis mar in tige slagge jûn.

Algemiene ledegearkomste op tiisdei 11 april

Tiisdeitemoarn de 11e april mochten wij als Fryske Krite it Hearrenfean
rom 60 leden wolkom hjitte op de jiergearkomste, yn de Koningshof.
In tige goede opkomst.
De tretjin punten op de wurklist waarden rom besprutsen mei de leden.

De ferslagen fan de algemiene ledengearkomste fan 2016, it jierferslach 16-17
fan de skriuwer,
en fan de skathâlder waarden goedkart.
                                
De eigen Krite dûnsploech bestiet noch út 15 leden. Ek dêr binne nije leden tige wolkom.
As nij bestjoerslid waard Herdi Oosterbaan beneamd yn de funksje fan skriuwster.
De kontribúsje waard troch de fergadering fêststelt op € 17,50 yn it jier.
In ferheging dy`t de kas fan ús Krite fersterkje sil, want de jild sitewaasje rint werom.
Ek hat de foarsitter nochris freege omtinken te jaan oan it ynbringen fan nije leden foar de Krite.
It ledental rint werom, dus elkenien dy `t him belutsen field bij de Fryske saak is
tige wolkom yn ús fermidden.
Tsjin healve tolven slúte de foarsitter Klaas Krist de moarn mei in tankwurd,
en koe elk gnietsje fan de Fryske kofjetafel dy `t oanbean waard.
 
De opset fan de jiergearkomste dit jier hat fertúten dien, mear leden hawwe der werst,
foar it bestjoer in reden om it oare jier wer sa op te setten.
In slagge moarn, in goed jiergearkomste, en net ferjitten tige slagge kofjetafel.



Comments are closed.