Dit hat west yn 2018-2019

Kabaretjûn op freed 12 oktober 2018

In hûndert besikers wienen freed 12 oktober wolkom hjitten op in earste jûn
fan ús Krite yn de Koningshof. In nij seizoen, mei wer in attraktyf programma.
Dizze earste jûn kabaret Hymphamp mei har stik dûbbelportret.
Wy hawwe genoaten fan de foarstelling, dy`t ús wille, in stikje gemoed, en
ek dat oare dat gewoane fan deiske situaasjes, wer`t wy allegearre wolris yn
telâne komme. In slagge jûn.

De ferlotting, ek eigen oan de Krite hie dit jier in spesjale haadpriis, neist de gewoane prizen.
De Poeisz supermerk hie it Monopolyspul yn it Frysk, troch har yn de merke set, beskikber stelt.
Dat waar tige wurdearre mei in grut applaus.

Krekt as ynset fan de Nije Knipers, it hús orkest kinne wy wol sizze.
In jûn mei dûnsjen nei, wer`t dit kear wol gebrûk fan makke waard.
Tsjin alven slute foarsitter van der Wal de jûn.
Hy joech har mei, wol thús, en dochs in kear boadskipje by de Poeisz,
dan kinne wy oar jier wer oan klopje by de supermerk.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Comments are closed.