Programma 2018-2019

Ekstra foar ús Kriteleden:
Op 28 septimber 2018 treedt Gurbe Douwstra op
foar de OOVH
yn De Koningshof.
It begjint om 20.00 oere.

Kriteleden binne fan herte wolkom.
Tagongspriis € 5.= p.p.

12 oktober 2018 om 20.00 oere:
Kabaretjûn Hymphamp mei Dûbelportret.
Yn Dûbelportret nimme wy jo mei nei de gearkomste fan de
frouljusferieniging en in heit op “oudergesprek”.
Ek sille wy mei syn allen yn terapy moatte.
Trio Musika fersoarget de musyk en Brian fan it patientenferfier
sil syn earste wurkdei net gau ferjitte.

Yn it skoft ha we ûs ferlotting mei moaie prizen.

Nei ôfrin kin der dûnse wurde nei musykale begelieding troch:
De Nije Knipers
Leden fan âlderen ferienings binne fan herte wolkom.
Tagongspriis € 5

15 novimber 2018 om 14.00 oere:
Kulturele middei mei Douwe Kootstra.
Douwe Kootstra is ferhalerferteller, ymker, skriuwer, kuierder,
reiziger en net yn ’t lêste plak columnist.
Lang wie er mei syn skerpe, dwer-kritise en faak fermaaklike
colums te hearren op Omrop Fryslân.

4 jannewaris 2019 om 17.30 oere:
Nijiersmiel mei dêrnei it muzikale duo Weima en van der Werf.
Oanmelde en betelje foar 15 desimber is needsakelik.
Sjoch hjirfoar it oanmeldformulier as maile nei: aenfbakker@upcmail.nl

14 febrewaris 2019 om 10.00 oere:
Kofjemoarn mei Bouke Oldenhof, hy fertelt oer syn wurk as toanielskriuwer.  
Nei it skoft sil Bennie Huisman ûs fermeitsje mei sang en akkordeonmuzyk.
Oanmelding foar 1 febrewaris is needsakelik.
Sjoch hjirfoar it oanmeldformulier as maile nei: aenfbakker@upcmail.nl

15 maart 2019 om 20.00 oere :  
Toanieljûn, de kar foar in toanielstik moat noch makke wurde.
Nei ôfrin kin der dûnse wurde mei muzykale begelieding troch:
De Nije Knipers
Yn it skoft ferlotting mei moaie prizen.
Leden fan âlderen ferienings binne fan herte wolkom.
Tagongspriis € 5.-

11 april 2019 om 10.30 oere:
Jiergearkomste en dêrnei in kofjetafel.
utnoeging en oanmelding yn maart 2019. 

Alle aktiviteiten fine plak yn De Koningshof, Prinsenweg 1, It Hearrenfean.
 

 

 

 

 



Comments are closed.