Dit hat west yn 2013-2014

Skûtsjesyldei  24 july 2013. 
skûtsjesilen

We hienen lang wachte op moai waar en ja hear, ein juny sloech it waar om
en krigen we einliks sinne en wyn.

Wat wolle je as organisaasje fan dizze skûtsjesyldei fan de Krite Hearrenfean noch mear.
Oanmeldings rûnen goed en de Feanprinses  fan de Princenhof rekke aardich fol.
De ferwachtings fan Pyt Paulusma koene der ek op troch en fol goede moed stapten
wy goed njoggen
oere yn’e auto om nei Earnewâld, dêr’t Geeske en Sietze eltsenien
al stienen op te wachtsjen
mei in praatsje en in goed sin.

Ûnderwilens waard de Feanprinses befoarriede mei lekkere spullen en waard troch
sommige mânlju de
lange broek al ferwiksele troch in koarte.
Tsjin healwei alven gongen sa’n santich minsken oan board.
Nei in kop kofje mei oranjekoeke en in wolkomstwurd troch Geeske
waard it Frysk Folksliet ynset en fearen wy mei prachtich waar en in
bol wyntsje (dat beloofde wat..) nei de Snitser Mar.
De kapitein fan de Feanprinses socht in moai plakje út by de boppewynse
boei fan it earste rak dêr’t hy syn anker falle liet.

Alles ree foar in moaie silerij. Sop en broadsjes waarden klearset.
Lammert soarge foar de muzikale omlisting.
Nettsjinsteande  dat wy moai rêstich foar anker leinen en it
amper waaide, hienen we dochs in oanfarring.
It wie wol net sa slim as mei de “Costa Concordia” mar Sippie en Sietze hiene 
dochs de skrik fan har libben doe’t de boech fan in motorboatsje tsjin it rút oanfear,
wêrefter hja  fan it sop, in broadsje en útsicht genieten.
It rút yn gruzeleminten en Sietze syn broek ûnder it skoandere sop.
Sietze waard der lykwols net oars fan en doe’t syn broek wer wat behimmele wie,
sochten hy en Sippie dêrnei mar in oar plakje op in heger dek.

Tsjin twaen soe’t dan echt oangean, mar dat foel net mei want troch de “blabberjende”
wyn
moast de boppewynse boei  hieltyd wer in oar plak ha en waard troch in rubberboatsje
fan hot nei her tôge.
Dat joech net safolle en it eintsjebeslút wie dat alles tsjin healwei
fjouweren definityf ôfblaasd waard.
Spitich. It anker waard dêrop lichte, drankjes waarden
dronken, ferskes ûnder lieding fan Lammert mei 
syn harmoanika waarden songen en nei
nochris in moaie tocht oer it PM kanaal, Tryehústersleat, Rengerspôle, Folkertsleat

en Sânemar, kamen wy wer werom yn Earnewâld.

Nei in tankwurd troch ús foarsitter Geeske en ôfskie fan elkoar gong eltsenien
wer op nei hûs.
We ha wer in moaie dei hân.
Takom jier mar wer yn Terherne sjen.

Hein Roorda

Kabaretjûn op freed 11 oktober 2013
Ruurd Walinga

Foarsitter Geeske Beenen mei op de earste jûn fan it winterskoft 2013/2014
in moai sealtsje 
folk wolkom hjitte yn de Koningshof.
Likegoed docht se  yn har iepeningswurd in oprop om meiinoar nije leden te winnen!
Want wat meie wy ús as Frysktaligen lokkich fiele mei it feit, dat wy twatalich grut brocht
binne op skoalle.; soks is in pree. “De Fryske taal moat yn eare holden wurde,” is har sizzen.

Nei it sjongen fan it Fryske Folksliet folget it optreden fan Ruud Walinga mei syn programma
“Ut en thús.
Ruurd wol syn publyk fan ‘e pôle ha.
Wy moatte net skiterich wêze mar de dingen oandoare.
Friezen binne faak wat skruten; trede net sa gau op ‘e foargrûn.Dat moat oars: wy moatte ús sjen litte!
Net foar neat wurdt Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa.
Foaral syn moaie wurdgrapkes falle dêrby op.

Ruurd is in echte wurdkeunstner, dy’t jo hieltyd wer oan it tinken set en laitsje lit.
Tuskentroch sjongt hy de seal ta en begeliedet himsels op ‘e piano en de akkordeon.
Nei it skoft is syn programma foaral rjochte op Ljouwert as “Keterale haadstêd.
”Syn optreden is al mei al hiel fariabel. Soms gefoelich mar tagelyk in reklame foar ús rike taal.
Nei ôfrin fan syn programma wurdt de jûn besletten mei in dûnske op de muzyk fan
“De Nije Knipers” út Harns.
denijeknipers_bandleden_thumb[1]

Tiisdeitemiddei 12 novimber 2013
Marje Boonstra
kaam de krite yn de Koningshof wer by elkoar foar harren kulturele middei.
De foarsitter mocht sa’n hûndert minsken in wolkom ta roppe.
It docht alle kearen wer bliken hoe trou as it publyk fan de krite is.
It wie in moaie en ûntspannende middei, wat fansels benammen te tankjen
wie oan Marja Boonstra,
dy’t dizze middei fersoarge mei har lêzing
“Fleurich op mei it Frysk en Fryslân”.

Marja is in betûfte sprekster en wit har publyk hiel ûnderhâldend mei te nimmen
yn har ferhaal, wat gyng oer har wurk by de Ljouwerter krante as sjoernaliste en
alles wat dêr fierder mei te meitsjen hat. Yn de wyklikse bylagen is Marja it meast te finen mei in bydrage.
De artikels dy’t troch har skreaun wurde ha meastal in link mei it Frysk of Fryslân.
Dêrnjonken ek searjes as bygelyks “Het mooiste plekje” en “Toen en nu”.
Faak wurdt der ek in ynfalshoeke socht foar de tiden fan it jier, sa as Sinterklaas, Kryst,
memmedei of soksawat.
Nei it skoft, mei in twadde bakje kofje, lies Marja foar út har boek
“Nieuwefriezen.nl Inburgeringsgids voor Hollanders”.
Dat boek kaam njoggen jier lyn út en is al in skoft útferkocht.
In moaie gelegenheid dus om der dochs noch wat mei kennis te meitsjen.
Sawol foar as nei it skoft wie der romte foar ynteraksje, dêr’t dan ek rom gebrûk fan makke waard.
It publyk koe Marja ek noch wat suggestjes oan ‘e hân dwaan foar in
noch bettere krante, wat meinommen wurde soe nei de redaksje.

Al mei al in slagge middei, úntspannend, mar dêr’t men tagelyk ek wer wat fan opstekke koe.
De krite komt wer by elkoar op trije jannewaris foar it nijjiersmiel, dat ek noch wer
opfleure wurdt troch de dûnsploech fan de krite.
Der sit dus omraak “leven yn ‘e brouwerij”. 

Nijjiersresepsje van freed 3 jannewaris 2014
nj. 1  nj.3

Ek it nijjiersmiel sit al wer efter de knopen en it hat ús allegearre wer tige goed smakke.
Us foarsitter iepene de jûn mei har nijjierstaspaak en nei it sjongen fan it Frysk folksliet koe
elkenien
syn prakje mar helje. (2 foto’s eten)
It wie noch in heikarwei om dat yn koarte tiid klear te krijen, want der wie wol flecht op ‘e koai.
Der wiene mar leafst  114 leden  op ôfkommen, mar de minsken fan de Koningshof binne wol
wat wend
en hiene alles goed ûnder kontrôle.
Lammert mink

Wy ha mei elkoar in hiele gesellige nijjierssit hân en dan no mar wer
fleurichop it nije jier yn.

 

 

 

 

21 febrewaris 2014, Alderwetsk laitsje mei  toanielferiening “It Freonental”
by de Fryske krite Hearrenfean.
toneel jan 2014

Foarsitter Geeske Beenen koe wer sa’n dikke hûndert minsken wolkom hjitte op
de jierlikse
toanieljûn yn de  Koningshof.     
Dizze kear wie de kar fallen op toanielferiening “It Freonental” út Jonkerslân mei it stik:
It fêste patroan.

It die bliken in stik te wêzen om ris in jûn flink mei  laitsje te kinnen.
It Freonental levere it bewiis dat men net perfoarst beropstoaniel ha moat om dochs in
moaie jûn te belibjen.
Der waard mei faasje spile mei goed fersoarge toanielspul.
Plak fan hanneling: in doktershûs wat ferhierd wurdt troch de buorman as de dokter sels
mei fakânsje is.

Dêr kinne flinke swierrichheden troch ûntstean, sa die bliken, want as de dochter
ûnferwachts thúskomt, hat  buorman fansels wol in probleem.
Dat moat oplost wurde en dat bringt hiel wat ferwikkelingen mei.

De yngrediïnten foar in súksesformule wiene dus ryklik oanwêzich.
Nei ôfrin fan it toaniel koe der noch gesellich dûnse wurde op de klanken fan
kombo “De nije Knipers”.
Al mei al in tige slagge jûn.

Kofjemoarn op woansdei 19 maart 2014
Albert Keimpema kriget fan de foarsitster de tradisjonele Fryske koekein âld-learling fan ús foarsitter oan it wurd 

troch omstannichheden wat te let oankaam, mar it ferhaal oer
keunstskilder Jopie Huisman
makke in soad goed.
In fet fol mei tsjinstellings, hoe moatte jo sa’n man typearje, dat falt noch net ta.
It slagge Albert van Keimpema om dat fia anekdoates, stikjes út syn boek
foar te lêzen en persoanlike
belibbenissen mei Jopie te fertellen, aardich om
de skilder wer wat ta libben te bringen.
It meast bekende wurk fan Jopie is
fansels dat wat der yn syn museum hinget en it is moai dat wy
troch dizze lêzing in folle folsleiner byld krigen
hawwe fan dizze keunstner.
Jopie koe folle mear as allinnich mar breidene ûnderbroeken en oar âld guod skilderje.
It wie in ferriking om no ek mei syn oare kant kennis te meitsjen.
Mei in seal mei wer sa’n hûndert minsken in tige slagge moarn, wat al wer de lêste byienkomst
(op de ledegearkomste nei) fan dit seizoen wie.  

 


       

 

 



Comments are closed.