Dit hat west yn 2017-2018

Freed 20 oktober, kabaret selskip Blikstiender
Mear as hûndert leden mocht foarsitter Krist fan de
Fryske Krite it Hearrenfean freed de 20 oktober wolkom
hjitte op earste jûn fan it nije seizoen yn de Koningshof.
Kabaret selskip Blikstiender fan de Lemmer brocht har
programma “Fryslân Heite “.  

  
Fryslân en dat eigene fan út it ferlyn yn koarte sketskes
en lieten, nei hjoed de dei.
In tige slagge jûn, goed besocht troch de leden, it selskip krige
de fertsjinne wurdearring.
Sa no en dan kaam der fan út de seal dat werkenne fan in ferske
of de spile situaasjes op it poadium.
Wille, mei efkes de tinzen by oare dingen dan it deiske libben.
Duo 2PK soarge foar musyk op dizze jûn.
Nei ôfrûn wie der foar elk tiid efkes fan quickstep oan`t wals te dûnsjen.
 
Us krite is mei Blikstiender it nije seizoen tige slagge útein set.
En net te ferjitten, it wie ek in jûn, wer`t noch mannich minske mei in priis
fan de ferlotting op hûs oan gie.
Freed tweintich oktober 2017, wy sizze graach, it wie in boppeslach.

Optreden de Krontjong Music Band fan Bantegea op 23 novimber 2017.
Mear as tachtich persoanen mochten wy wolkom hjitte by de
Fryske krite kulturele middei op tongersdei 23 novimber yn
de grutte seal fan de Koningshof.
  
It optreden fan de krontjong music band út Bantega foel goed yn de smaak.
Muzyk fan eardere jierren, mei wol in wat Indonesyske eftergrûn.
Nei it skoft Riemkje Tolman, Maaike Brouwer, zang, en Jelle Voolstra op akkordeon.
Ferskes, dy`t dat momint fan it doe yndertiid gefoel oproppen.
                                         

In folsleine Fryske sfear, dy`t passend brocht waard. In tige slagge middei.
In oprop om te kommen ta nije leden, mar ek in nij bestjoerslid
krigen de leden mei op hûs oan.

Nijiersmiel, 5 jannewaris 2018

In nij jier, in nij begjin.
Freed 5 jannewaris binne wy as krite it jier útein set, mei t nijjiersmiel
yn de Koningshof.
In slagge jûn wer`t wy in 74 leden ferwolkomje mochten.
Lekker ite, in wurd fan in Fryske kok, no wy kinne wol sizze dat wie
ek hjirre tige passend by dit miel.
Gesellich it praat, it mei elkoar in jûn belibje.
Nei it iis, en de pauze krige Adri de Boer fan Lippenhúzen it poadium.
Syn lieten, yn it Frysk waarden wurdearre troch syn publyk dizze jûn.
               
It jier 2018 is útein set, en wy as krite minsken hawwe in tige slagge jûn belibbe,
in jûn dy foarsitter Krist sa tsjin njoggen oere mei in tankwurd foar Adri de Boer
en de minsken yn de seal ôfsletten hat.

Kofjemoarn 14 febrewaris 2018.
Moai sûnder wjergea, Grouster weagen, it binne twa fan meardere ferskes
dy`t de kofje moarn fan ús krite in eigen gesicht jûn hawwe woansdei
de 14e yn de Koningshôf.
Rom santich leden mochten wy begroetsje dizze moarn.
Kofje enoranjekoeke, Frysker kin it net, soe ik sa sizze.
Wouter de Vries, plysjeman al mei pensjoen brocht in lêzing oer
it deiske publikaasje wurk fan de plysje bymisdriuwen op de telefyzje,
yn de kranten en de radio.

 
Learsume ynformaasje, dy `t ús fan ferskate kanten sjen liet wat der
allegearre dien wurde moat yn itdeiske plysje wurk.
Efter skermen wurd er hiel wat opset en ûndernaam om oanit grutte publyk
de goede ynformaasje te jaan.
Nei it skoft, en it twadde bakje kofje, wie der muzyk. Lammy Bruins
mei har akkordeon en har lieten.

   
Frysk, akkordeonmusyk en Franske ferskes.
In kombinaasje dy `t tige wurdearre waard troch de oanwêzigen dizze moarn.
In slagge moarn.

De toanieljûn fan ús Krite freed 16 maart yn de Koningshof
Wat ha we in moaie jûn hân, mei De Fryske Krite It Hearrenfean.
De Nije Knipers hienen de soarch foar de muzyk.
Op Nij Feriene út Oerterp, spile ” Ekstra help op de 1e help”.

    
It wie geweldich!. Dizze wurden omskriuwe it gefoel fan
dizze freed 16 maart sa treffend

In 140 minsken mocht foarsitter Krist begroetsje oan it begjin fan de jûn.
It bestjoer wie tige te sprekken oer de opkomst, want it waar siet
net echt mei ( kjeld-hurde wyn ).

    
De sfear wie goed, in stik mei humor, de wille yn de seal, de ferkeap
fan de lotten, sa as al sein in tige slagge jûn.
Ek de útnûging oan ûnder mear de âlderein bûnen soarge der foar
dat ek inkelde fan har leden ús krite fûn ha.
Sa koe nei de ferlotting en it stik sa tsjin healwei âlven de foarsitter de jûn slute.
De Nije Knipers brochten noch dûnsmuzyk, wer `t mei nocht gebrûk fan makken waard.
In tip meitsje mar fêst in oantekening foar oar jier, 15 maart 2019.

Jiergearkomste Fryske Krite Hearrenfean
Tongersdei 12 april 2018 wie de gearkomste fan leden en bestjoer
fan ús FryskeKrite op it Hearrenfean.
In 64 leden mocht foarsitter Krist wolkom hjitte yn seal de Koningshof.
In kopke kofje, it Fryske folksliet, ûnder lieding fan Lammert Mink, en de
wurklist fan de gearkomste, it kaam allegearre oan de oarder.
It oantal leden jout soargen, it lêste skoft hawwe wy in fjirtich leden ferlern.
Dat is soarchlik, it bringt it fersyk om rûn te sjen, nije leden binne tige wolkom.
De ferslaggen fan de skriuwster en de ponghâlder waarden goedkart.
Foar de bestjoersferkiezing binne d’r gjin tsjinkandidaten melden.
It bestjoer draacht Chrisje Dijkstra foar as algemien bestjoerslid.
De leden hjitte har wolkom mei applaus. Se stelt har foar, as ynwenster
fan It Oranjewâld en tanket de minsken foar it betrouwen.
Albert nimt it foarsitterskip oer en tanket Klaas foar syn ynset.
In echte Krite en toanielman dy’t meispile hat en tige belutsen wie.
In bosk blommen en in bon foar iten waarden Klaas oanbean, dy `t
noch inkelde wurden spruts.
Klaas Krist tige tank foar alles wat jo dien hawwe, yn it toanielwurk,
ek it wurk by it selskip.
Nei de rûnfraach, slút foarsitter Albert van der Wal de gearkomste.
De kofje tafel waard tige wurdearre, dizze tradysje heart ek by ús Krite.
Oan de ein fan dit koarte oersicht wol de oprop, sjoch rún om je hinne,
nije leden hawwe wy nedich, om op termyn ek de Krite it Hearrenfean oerein te hâlden.

 

  

  

 

 

 

 

 



 

 

 

 



  

 


       

 

 



Comments are closed.