Nijsgjirrichheden

Fryske wiisheden

Men moat net alles sizze wat men wit,
mar wol alles witte, wat men seit.

Doch dyn plicht en lit de lju mar rabje.

Ik sjoch op gjin  tûzen gûne, sei de man
en hy seach yn it lege jildlaadsje

Ik bin de baas , sei de man, mar ik doch
wat myn wiif seit.

De wrâld is goed, mar de minsken koene
better.

Sizzen is neat, mar dwaan is in ding.

In lyk man is in ryk man.

It is in gek dy’t earm libbet om ryk te
stjerren.

Sinne en wille kinne folle tille.

 
It Hearrenfean 5 febrewaris 1825

pentekening heerenveen
Boppesteande  pinsieltekening is makke troch Dirk Piebes Sjollema (1760 – 1840).
Sjollema is it meast bekend fan syn skilderijen fan allerhande soarten skippen, mar hat
ek aardich
wat oare foarstellingen skildere, benammen ek fan It Hearrenfean en omkriten.
Dit tafriel koe Sjollema sjen fanút syn wenkeamer oan ‘e Hearrenwâl.
De diken by û.o. De Lemmer wiene trochbrutsen en it wetter kaam ek op It Hearrenfean
wol oant oardel meter ta yn de huzen te stean.
In protte minsken (en noch mear fee) binne doe ferdronken.
It wie in grutte ramp dy’t in soad minsken ta earmoede brocht.
De tsjerke yn ‘e midden is de yn 1637 boude krústsjerke. Yn 1969 is dizze tsjerke wer ôfbrutsen.
It prachtige “Van Gruissen” oargel  (18e ieu) ferhuze nei de Marturiatsjerke yn Assen
en wer letter
waard it opslein by in oargelbouwer yn Rodeschool.
No spilet it wer yn de “Oratoria del Caballero” yn Madrid.
Oer it ûntstean fan de kalinder
Tijd
Hjirnjonken in kalinder út 1375. Us kalinder is ynfierd yn 1582 troch paus Gregorius XIII.
De wichtichste reden dêrta wie dat guon autoriteiten de doe jildende Juliaanske
(fan Julius Ceasar)
kalinder mar nei eigen goedtinken brûkten.
Dat hie fan gefolgen dat de tsjerklike heechtijdagen op allegearre ferskillende dagen
fierd waarden:
Peaske foel yn it iene lân yn de maitiid, mar yn it oare yn ‘e simmer
en sa wie it mei Krysttiid ek rûnom oars.
Sa koe it net langer.
Ek yn Nederlân wie in oertsjûge foarstanner om de nije kalinder yn te fieren: dat wie bisskop Paulus fan Middelburg.
Dochs wie it net sa mar klear om de Gregoriaanske tiid yn te fieren.
Troch it tanimmende protestantisme woene de lju yn ús lân net langer nei Rome harkje.
Sûnt de renaissance wie der ek in skieding tusken tsjerke en steat, dat de boargerlike
oerheid moast dêr earst ek mei ynstimme.
Yn 1582 wie dat dus sa fier. Tusken de Juliaanske en de Gregoriaanske kalinder
wie eins net iens sa’n grut ferskil.
Hiel wichtich wie it fêststellen fan de begjindatum fan de maitiid op 21 maart.
Peaske soe tenei op de earste snein nei de earste ljochtmoanne yn ‘e maitiid wêze.
It jier waard by de Gregoriaanske kalinder 0,0075 dei koarter.
It begrip “jier” datearre al út ‘e tiid fan sa’n 6000 foar Kristus.
De Egyptners wisten 4241 foar Kristus al dat in jier út 365 dagen bestie.
Dat kloppe net hielendal, mar dat waard lyk breide troch om de 1460 jier
in ekstra jier yn te laskjen.
Wy ha om dy reden om de fjouwer jier in skrikkeljier.
De nammen fan de moannen bleauwen gelyk.
De lêste feroaring hie Julius Ceasar oanbrocht: Quintilis waard yn 46 foar
Kr. feroare yn Julius, om’t hy yn dy moanne berne is.
Septimber betsjut sânde en oktober achtste, wylst it no de 9e en 10e moanne binne.
Dat komt trochdat yn earder tiden it jier yn maart begûn en einige yn febrewaris.

 

 

 

 



Comments are closed.