Programma 2016-2017

14 oktober 2016:
Tiid 20.00 oere yn De Koningshof.

Kabaretjûn mei HiempHamp mei har foarstelling “Op Portret”
In Frysktalige kabaretske teaterforstelling makke troch
Fokke Plantinga en Jelmer Hoekstra.

Yn “Op Portret” litte Jelmer en Fokke nuveraardige personaazjes de
revue passearje en spylje koarte stikken ùt it deistich libben.
Ut in oare wize fan sjen nei minsken en sykje nei de ùtvergrutting komme
dizze personaazjes ta libben en kin elts dy’t se sjocht foaral in oar der
wer yn werkenne.

“Op Portret” nimt jo mei nei de Pakes en de Beppes fan eartiids,
de ymportfries út it Gooi,
de echte fûgeltsjeman en folle mear!!

Lykas alle jierren is der dizze jûn wer in ferlotting

Nei ôfrin dûnsjen mei De Nije Knipers 

 

23 novimber 2016:
Tiid 10.00 oere yn De Koningshof.

Kulturele moarn mei de hear Jan Tabak.
Ferhalen fan en oer minsken en  mei humor en wille verteld.

 

6 jannewaris 2017:
Tiid 17.30 oere yn De Koningshof.

Nijiersmiel foar leden. Nei ôfrin is der in Frysk muzykprogramma
sjongeres Griet Wiersma.
It miel is fan ôf 17.30 oere. Griet Wiersma sil omtrint 20.00 oere begjinne.

Foar it miel is opjefte needsaaklik.

 

15 febrewaris 2017:
Tiid 10.00 oere yn De Koningshof

Muziekale kofjemoarn mei Griet Kingma en Lars Mulder.

 

17 maart 2017: 
Tiid 20.00 oere yn De Koningshof.

Toanieljûn mei nei ôfrin dûnsjen mei muziek fan ‘De Nije Knipers”

Toanielferiening Rjucht en Sljucht ût Gersleat spilet foar ûs “Loadewyk fjirtjin en in heal “.
Skreaun troch Ton Elstgeest oerset troch Gerda van der Wijk.

It spilet oan it hof fan Versailles wêr ‘t in keamerhear der alles oan docht om de affaires
fan de kening rjocht te praten en dêrby sels ek de froulju fan him ôfslaan moat.

Yn stikje fan it stik:

“Majesteit….”

“Gjin gemajesteit tsjin my hear, ik bin gewoan Harco”

“Harco?”

Wy binnen Hollânske toeristen. We wienen hjir op besite om it paleis te besjen doe ’t
myn man twongen waard dizze klean oan te lûken en dy healwize prûk op te setten”

“Se sizze dat ik op de kening lykje”

“Dat kinst wol sizze, ja. Tsjong, asto Loadewyk fjirtin net bist, dan bist dochs
seker Loadewyk fjirtin en in heal”

Lykas alle jieren hâlde wy dizze jûn wer in foarlotting.

 

11 april 2017:
Tiid 10.30 oere yn De Koningshof.

Jiergearkomste mei dêrnei in Fryske kofjetafel.

Allinne foar leden.

 

De seal is in heal oere fan te foaren iepen!!

 



 

                                                                           

        

                         


 

 



 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Comments are closed.