Skiednis

De Fryske Krite Hearrenfean is oprjochte op 24 febrewaris 1902.           
Doe waard it krite karbrief, opsteld troch de hearen M. van Oostrum,  

Jan Jelles Hof (1872-1958)
Jan Jelles Hof (1872-1958)

J.J.Hof en L de Jong, goedkard en oannommen troch it Selskip
foar Fryske Tael 
en Skriftekennisse, ûndertekene troch û.o. foarsitter
Waling Dijkstra.                

De earste jierren waarden de Kritejûnen fersoarge troch de eigen leden 
en troch foardrachten fan betûfte sprekkers mei as hichtepunt it optreden 
fan Pieter Jelles Troelstra op 27 febrewaris 1910.
By it 10-jierrich bestean waard de revue “Kening Friso”opfierd, spile troch
it eigen Kritetoaniel.

 

Walling Dijkstra (1821-1941)
Walling Dijkstra (1821-1941)

In grut spektakel wie it iepenloftspul “Ut de twang fan ‘e tiid”, nei foaren brocht
yn de Hepkema’s boskjes.
Om’t dat iepenloftspul in súkses wie folgen der noch ferskeidene oare stikken
fersoarge troch de eigen Toanielgroep.
De Krite toanielploech wie de koark dêr’t de Krite troch de jierren hinne op dreau
oant de ploech yn 1992 opdûkt waard by gebrek oan spilers.
Nêst it Kritetoaniel bestie der û o. in eigen sjongkoar en oant op de dei fan
hjoed in eigen dûnsploech.
De Krite hat ek in soad dien oan taalbefoardering middels it organisearjen fan
kursussen en bernefoardrachtskrigen.
Alle jubilea waarden op paste wize fierd mei as grutte klapper it 100-jierrich
bestean op 24 febrewaris 2002.

In eigen flagge!! Oanbean troch de jubileumkommisje. (foto eigen vlagge)

eigen flagge

It tal leden hat altyd wikseljend west. Yn 1945 wiene der 786 leden!
Op it heden telle wy in lytse 300 en ien earelid. ( foto Puite )

De heer Puite
Albert Puite, ús earelid, skathâlder oer de jierren 1991 oant 2008.

Mear ynformaasje is te finen yn it jubileumboek “Hichte en lichtepunten”,
100 jier
Fryske Krite Hearrenfean, by Tresoar yn Ljouwert, de lêsseal of
it museum Willem van Haren
beide op It Hearrenfean.

 
SELSKIP  FOAR   FRYSKE TAAL EN SKRIFTEKENNISSE

De skiednis fan it Selskip giet tebek oant 1844. De haadreden foar it
oprjochtsjen is lein yn it opkommen en útkommen foar de eigen taal
yn al syn uteringen.
It Selskip oerkoepelt yn Fryslân de Kriten fan Easterwâlde, Hearrenfean,
Drachten, De Lemmer en Trynwâlden, mei-elkoar goed 1200 kriteleden.

It bestjoer wurdt foarme troch in ôffurdiger  fan eltse oansletten Krite.

Yntern wurdt yn it Selskip in protte tiid stutsen yn bining en
belangenbehertiging: ynformaasje en diskusje op de algemiene 
gearkomsten oer belied.
Elts jier is de rûnte op besite  by in Krite.

Der wurdt foar soarge dat de Kriten elkoars nije winterprogramma’s krije.

 

Foarlêsprojekt.

Nei bûten  ta profilearret it Selskip har doelstelling taal en skriftekennisse
troch it organisearjen, yn ‘e mande mei de Tomkewurkgroep fan de Fryske
foarlêswike.
It Provinsjaal Projekt Lêzen en Foarlêzen oan pjutten wurdt gemeentlik
oppakt mei help fan sa’n 50 kontaktpersoanen.

Troch in 500 foarlêzers wurdt foarlêzen oan rom 12000 pjutten.
Jierliks wurde troch dit projekt in 18000 Tomke-boekjes te plak brocht.

 

De Kriten

Mei elkoar organisearje de Kriten jierliks krapoan 50 aktiviteiten, de measte
dêrfan fine plak yn it winterskoft.

Krite Hearrenfean,  hat fan no oan in ôffurdiger yn it Selskip yn
de persoan fan Geeske Beenen.

 

 

 



Comments are closed.